TERNAARD – Op it parkearterrein fan ATW oan de Holwerderdyk yn Ternaard waard sneontejûn foar de earste kear Simmerbrass! organisearre troch brassband Euphonia út Ternaard. De brassband siet yn in echte muzykkoepel. In grut tal Ternaarders kaam op dit konsert ôf.

Noch yn de gleone sinne iepene Euphonia ûnder lieding fan dirigint Paulus de Jong it konsert mei Cornfield Rock. Yn dit wurk spilen de learlingen fan Euphonia ek mei. Dêrnei stie Albion Treasures op it program, in wurk mei bekende hymnes lykas as Highland Cathedral, Amazing Grace, Danny Boy en Swing Low, Sweet Chariot. Euphonia hie Yme Dijkstra, Yvonne Veenstra en Chris Veenstra frege om mei te wurkjen oan dit konsert. Marco Veenstra begeliede dit op drums. Sy songen it nûmer I’ll stand by you fan The Pretenders en it nûmer Try fan Pink.

Nei it spyljen fan Mancini troch Euphonia, wie it tiid foar in optreden fan de bern, dy ’t meidien ha oan it skoalleprojekt dat de muzykskoalle yn gearwurking mei Euphonia op de basisskoalle yn Ternaard hâlden hat. In 15-tal bern ha nei it projekt noch seis wiken les hân fan muzykleraar Theun van Leijen. It wie in hiele aardichheid om te sjen en te hearren wat bern yn sa ’n koart skoftke al spylje kinne. Geweldich, dit jonge talint. Nei noch in oantal wurken fan Euphonia, wêrûnder Jazzimut en Zoutelande spile Euphonia noch in stik tegearre mei Yvonne, Ding-e-dong fan Teach-In. Ek dit wie in grut sukses.

Yme, Yvonne en Chris songen noch in oantal lieten en doe rûn it alwer nei de ein fan it optreden. En dat wie mar goed ek, want de sinne wie ûndertusken fuort en de wyn helle oan en it waard kâld. Euphonia spile noch Paint it Black en Don’t stop me no. It konsert waard ôfsluten mei it spyljen en sjongen fan Proud Mary, in liet fan Tina Turner. Dizze earste Simmerbrass kin de boeken yn as in sukses. Alles wurke dan ek mei, it waar wie goed, de entûrage seach er goed út en it publyk wie entûsjast. Wa wit, kriget dit noch in ferfolch.